Woansdei 12 juny

Hjoed de hiele dei mei Foekje dwaande west. It grutte brok stiel fan 6 meter omkeard en doe begong mei plasmasnije fan de 200 meter. Lange ljochtstreken troch de skonk. Ut de hân, sûnder langssteunen, de ieren gean op ‘e hertslag en folgje it ritme en myn motoriek.

20130613_202039

Nei it ferfangen fan in pear ûnderdielen haperde de boel en moast Leo fan Snijtech komme om it wer op gong te helpen. Mar èk sei hy dat it sa te ûngesûn wie, dat snije mei útlaatgassen, dus ha ik doe earst wer laske en sil ik it snijwurk bûten dwaan moatte. Myn besite, Geert Jan Douma hat my holpen mei it takeljen en kearen. Jouns hat Rysjard myn Basso racefyts brocht om aanst mei nei Itaalje te kinnen. We ha lekker iten, in útgebreid skippersmiel.

Tiisdei 11 juny

Tiisdeimoarns spullen foar Belvédère klear meitsje en yn ‘e auto bringe. Tekeningen en paneel ‘swarte moanne’.

Middeis tusken de Jan Mankes skilderijen myn ‘wek’ út 1976 opboud. Dit ha ik noch nea tentoansteld, allinne 1 x tús foar de foto (Piter Doele †). Yn it museum in soad oanrin en positive reaksjes. Mei skoaljuffen en bêrn oer keunst hân, en útlein dat der ek foto’s binne, makke troch minsken.

Tongersdei sil ik de útstalling ôfmeitsje mei sokkels. Ik hâld oars net fan sokkelgedoch, en meitsje ek hast nea wat foar sokkels. Mar direkteur Han Steenbrugge wol graach in oantal skaalmodellen en âlde bylden op dizze sokkels sette. Hawar.

Tankewol, Douma en Reva!

Freedtemoarn kaam noch wer in auto mei staal.

Foar it byld foar Foekje ha ik net allinnich finansjele stipe hân fan partikulieren, mar it byld is ek sponsord troch Douma Staal út Snits, en Reva út de Jouwer. Fan harren ha ik  in protte materiaal krigen foar it byld. Geweldich!

P1050376

De earste skonk is no laske, no begint it snijbaarne, 100 meter per skonk. Totaal 200 meter, de ôfstân dy’t Foekje rûn yn 24,1 sekonden!

Fisk

De ôfrûne dagen net mei it byld foar Foekje dwaande west, mar wurke oan de skaalmodellen dy’t fanôf 14 juny yn Belvédère stean.

20130602_204820

Lokkich ha ik hulp hân fan Fre Vogel, it wie in bealch fol wurk. Juster binne de skaalmodellen en de bylden ophelle, hjoed te plak set en hong, dat ik bin fannemiddei even mei Cor op de racefyts derhinne west…

Net folle sin oan iten siede, mar hie wol noch dizze sûkelarjefisk makke:

20130602_211931

Oranjetipjes

Se wolle net op de foto, dat jim moatte my mar leauwe. Se binne der! De oranjetipjes. Mei safolle look-sûnder-look yn’e tún, dan moatte se ek hast wol in kear foarby fleane, net!

Snein, 26 maaije

Snein hurde wyn en ferrekte kâld. Hjoed net syld, mar wurke oan Foekje; wer 5 ribben der op setten en wat rânen ôflaske mei Jetse.

Joun spaghetti makke. Bio-iten, dat is foar elitairen, seit de fuorman fan Monsanto. Gehakt mei sjampions, daslook, look-sûnder-look, it restje túnbeane, woartels, seldery en oare krûdery fan ‘e tún. Slaat fan tomaat, komkommer, reade byt, sjalot en looksoarten.

Elitair net?

Sneon, 25 maaije

Hjoed mei Cor, myn fietsmaat te karkjen west. Earst nei Frentsjer, by Harns, dan langs de Koehool en Westhoek nei Ald Syl. Underweis Ynze de fiskboer tsjinkaam, en by Paulien Ploeger foar hûs in sâlte herring iten. Doe op nei Ald Syl, Alde Leije en Ljouwert. Doe Wergea, de Iepen Dei besjoen by Jacqueline en Jolande. Sa nei Grou, Akkrum en Easterwierrum, mei mekoar 117 km.

Yn Akkrum droege woarst helle en karbonades. Wat ha we lekker iten! Mei túnbeane, parkes, reade biten en rys. Letter kwark nei.

De earste ribben

De earste 11 ribben fan de earste skonk sitte derop. Mei in mal wurdt de ôfstand mjitten, de rib fêst laske en mei in heakse hoeke kontroleard.

20130524_20025120130524_20041220130524_20210020130524_201933

As alles ôfkuolle is, komt Aaltsje ek even te sjen, of it wol goed is.

20130526_102113

Ljocht

Twa homeiepealen. Ien manlik en ien froulik. Fan Cortenstaal, dat it moat earst ruskje.

20130505_195302

Juster binne se te plak set, yn Reduzum, en justerjûne ha se foar it earst harren ljocht sjen litten.

20130521_225248 20130521_225214