Author Archives: Ids Willemsma

Boek (2012)

De eerste publicatie over het kunstenaarschap van Ids Willemsma, waarin zijn werken in onderlinge samenhang worden getoond.

Tekst: Pieter de Groot, Rudy Hodel, Doeke Sijens 

Dit grote en bijzonder uitgevoerde boek gaat daar verandering in brengen. Rudy Hodel licht het werk van deze kunstenaar toe en plaatst het in kunsthistorische context. In het artikel van Pieter de Groot staat de kunstenaar als mens centraal, zijn kijk op kunst, zijn werkwijze, zijn atelier en zijn bijzondere levensopvattingen. Doeke Sijens geeft tenslotte een zo compleet mogelijk overzicht van het werk Willemsma in een (geïllustreerde) oeuvrecatalogus. Een groot aantal werken van Willemsma zijn speciaal voor het boek opnieuw gefotografeerd. Verder worden in deze monografie ook bijzondere atelierfoto’s getoond. Uiteraard is dit boek over deze Friese kunstenaar tweetalig: Fries-Nederlands.

30 x 30 cm
192 pagina’s
ca. 150 foto’s
gebonden
Nederlands/Fries
ISBN 9789491196232

Te keap yn de boekhannel of fia de útjouwerij Waanders Uitgevers

Ek aardich: it ynterview mei Botte Jellema foar de VPRO.

IDS! Sjen Sjoch Sjoen

Oant 1 september yn OBE / Tresoar.

“Het thema ‘kijken’ staat centraal in de tentoonstelling ‘IDS! sjen sjoch sjoen’, die bezoekers meeneemt in de wereld van beeldend kunstenaar, sportfanaat, natuurliefhebber en markante Fries Ids Willemsma. De tentoonstelling is te zien van 17 april t/m 1 september in Obe: podium voor literatuur, kunst en taal in Leeuwarden. De toegang is gratis.”

lês hjir mear: http://www.tresoar.nl/Pages/Tentoonstelling-Ids-Willemsma.aspx

Leeuwarder Courant 18 april 2019

Televyzje tekeningen

Ynlieding fan Huub Mous

Lês hjir it artikel fan Huub Mous:
http://www.huubmous.nl/2018/12/22/ids-prehistorische-televise/

Boarne: Drachtster Courant

BEETSTERZWAAG – Ids Willemsma toont vanaf vrijdag 21 december ongebruikelijke combinaties van licht, geluid en staal in kunstruimte Wagemans.

Op de kortste dag van het jaar, in het duister van de aangebroken winter, gebeurt in Beetsterzwaag iets dat de zintuigen beroert. Zelden straalt en verblijdt de beeldende kunst als hier.
De om zijn beelden in de openbare ruimte geliefde Ids Willemsma toont ongebruikelijke combinaties van licht, geluid en staal voor in de huiskamer. Nu het culturele festival over is, het feestterrein verlaten, nu is de tijd voor intimiteit en beschouwing.

Leas mear:
https://drachtstercourant.nl/artikel/626105/tentoonstelling-ids-willemsma.html

Keunstwurk Foekje Dillema te plak

Boarne: Omrop Fryslân

Keunstner Ids Willemsma wie bot rekke doe’t er yn 2007 lies oer it grutte ûnrjocht dat it Boerumer atletyktalint Foekje Dillema as jonge frou oerkaam wie. Dillema waard falsk beskuldige gjin frou te wêzen en waard skorst. Deaskande, want yn 1950 rûn se flugger as olympysk kampioene Fanny Blankers-Koen.

Lês mear:
https://www.omropfryslan.nl/nijs/816093-keunstwurk-foekje-dillema-teplak-yn-sportpark-nijlan

Fakânsje

Sneontemoarn efkes foar 5 ûre wurd ik wekker. Meitsje rooibostee, smar broadsjes en set fyts en tassen klear. Cor is der om 5.45, we lade de brot yn de auto en ride om goed 6 ûre fuort. Rjoching Hearrenfean, langs it simmeriis en binne om in ûre as 2 yn Ulm. Noch sa’n 300 km hjoed.

Ribbels yn de wite strepen op’e dyk meitsje in soard lawaai troch de bânnen, dat is om de TomTom-juffer wekker te meitsje; se ferjit ús somtiden.

Tongersdei 20 juny

Wekker wurde. Hûnen útlitte. Bôle en tee.

En slypje mar! Oant 10.15 ta, en dan is de lange skonk nei it skuorjen hielendal ôf! Kofje sette, Joost komt sa en dêrnei efkes mei de L-skonk oan it bûgen. No, efkes; ferjit dat mar, de bûgline dy’t ik makke ha is eins net djip genôch, dat it koarte stik gjit bol stean. Yn de langsrjochting hie ik al in stik koker fan 100 x 60 x 6 mei klemmen fêst set, mar yn de dwersrjochting ha ik noch in pear hiele swiere U-profile – fersterke mei plaat as koker – om tsjintsjinst te dwaan as ferlengde heftruck-leppels. Boppe hiel swier klemt en onder mei in kettinglask fêstset, oan de ûnderein fan de skonk. Mei in 4 tons ketting oan de bovenloopskraan fêstkoppele en dan mar heise en de de heftruck brûke om te lûken. As de boel ‘heaks’ stiet kinne alle klemmen en lasken wer loskeppele, mar bin je mei brânen en al wol 4 ûren fierder!

Woansdei 19 juny

Al betiid oan it laskje en slypje fan de êfterkant fan de Foekjeskonk. Der moat noch 10 meter, dan is dit element hielendal klear!

Om in oere as 10 kaam Ronnie, de Muse-skilder mei de bretels. Ik hie him juster op de racefyts êfterop riden by in krusing, hy hie foarrang en ik herkende him. In praatsje dat ik ek wol ris wat makke; hy soe op de komputer sjen, en fan’e moarn dêr wie hy al. Ik hie hjoed net folle tiid, want aanst komme hjir de skoalbêrn op exkursje.

Dat wie best leuk. Se wisten oer it generaal goed wêr ik mei dwaande wie, se hiene goed lústere en it wie ek goed útlein. Mei elkoar ha de bêrn, sa’n lytse 20 stiks, de 2e grounplaat fan it Foekjemonumint omtakele, ± 750 kg, yn twa groepkes jonges en famkes. It gie prachtig en se foune it hiel moai om te dwaan!

20130619_114247

Moandei 17 juny

In jammerjende wekker piipet my dat ik te tee drinke moat, en in geitetsiisbroch ite.

Myn boek, en wat byldsjes dy’t ik as bern makke ha, plus it skaalmodel fan Foekje yn in doaske. En op nei de Folefinne, de OBS yn it doarp. Buorfrou Hilda hie my frege om wat te fertelle oer de keunst, en it meitsje dêrfan. De bêrn soene dizze wike keunst meitsje fan ôfval. Der wiene sa’n 44 bêrn en 3 juffen, en in stasjêrre. Juf Richtsje is der al hiel lang, al út de tiid fan Douwe. Juf Jantsje ergere har oan in pear grutten dy’t stoer diene. De lytskes wiene enthousiast en fol fragen, krektlyk as ek in stikmannich wat gruttere bêrn. It gie goed, sei de juf, en ik hoechde net nei te bliuwen. Ik hoechde der neat foar, mar krige wol 2 lekkere droege woarsten fan Spijkerman, út myn bertedoarp Akkrum.

Middeis ha ik de gestrekte Foekjeskonk ôfslipe en nei bûten ta takele en riden. Dêr kin ik no fierder snije. Ek bin ik begong de hoekskonk ôf te tekenjen, om snije te kinnen.

20130618_213025