Categoriearchief: Ferdivedaasje

Fakânsje

Sneontemoarn efkes foar 5 ûre wurd ik wekker. Meitsje rooibostee, smar broadsjes en set fyts en tassen klear. Cor is der om 5.45, we lade de brot yn de auto en ride om goed 6 ûre fuort. Rjoching Hearrenfean, langs it simmeriis en binne om in ûre as 2 yn Ulm. Noch sa’n 300 km hjoed.

Ribbels yn de wite strepen op’e dyk meitsje in soard lawaai troch de bânnen, dat is om de TomTom-juffer wekker te meitsje; se ferjit ús somtiden.

Fisk

De ôfrûne dagen net mei it byld foar Foekje dwaande west, mar wurke oan de skaalmodellen dy’t fanôf 14 juny yn Belvédère stean.

20130602_204820

Lokkich ha ik hulp hân fan Fre Vogel, it wie in bealch fol wurk. Juster binne de skaalmodellen en de bylden ophelle, hjoed te plak set en hong, dat ik bin fannemiddei even mei Cor op de racefyts derhinne west…

Net folle sin oan iten siede, mar hie wol noch dizze sûkelarjefisk makke:

20130602_211931