It ferhaal gong sa:
In jonge frou út Boerum seach dat der hurdrinwedstriden wienen, yn Bûtenpost, en sy soe der hinne, as taskoger. Se tocht ‘oh, dat kin ik ek wol’ – en rûn hurder as alles en eltsenien. Op har sokken, want hurdrinskuon hie se fansels net. It wie 1948. In jier letter rûn se it Nederlânske rekord op de estafette 4 x 200 m en waard se Nederlânsk kampioen op de estafette 4 x 100. En noch in jier letter rûn se it rekord fan Fanny Blankers Koen oan flarden: 200 meter yn 24.1 sekonden.
Noch gjin moanne letter siet se wer thús, desyllúzjoneard: har ynternasjonale sportkarriêre te flarden, har dream ferflein. Nea hat se der oer praat, dizze jonge frou út Boerum. Nimmen hat witten wat der no krekt bard is, nimmen hat witten hoe it siet.
Earst nei har dea yn 2007 waard stadich oan dúdlik wat er te rêden wie. Hoe wreed dizze frou behannelle is, fuortstjoerd fan de atletykbaan, werom nei Boerum. Moederaasje, dat hie de Atletiekunie net yn dy dagen, net foar Foekje Dillema. De frou mei de sterkste skonken fan Nederlân.
Foekje Dillema is 5 desimber 2007 ferstoarn. Fuortendaliks hat Ids Willemsma, net allinnich keunstner mar ek fanatyk sportman sein dat de sportfrou Foekje in monumint fertsjinnet. It ûntwerp wie der al gau: twa abstrahearde skonken dy’t lykje te rinnen, hiel hurd lykje te rinnen. Twahûndert meter. Yn 24,1 sekonden.
By de iepening fan syn tentoanstelling yn de Friesland Bank, ferline jier novimber, hat Ids Willemsma it skaalmodel sjen litten, en hy sei dat hy hope it monumint ea noch ris te meitsjen. It docht no bliken dat syn winsk dield waard, want it wie de start fan in spontane crowdfunding. Partikulieren èn bedriuwen ha harren oanmeld, en ha der foar soarge dat dit byld, seis meter heech, no einliks makke wurden kin.
It staal leit klear, grutte platen izer. De earste lask is makke. Dizze simmer, dan stiet der in monumint foar Foekje.