Category Archives: Foekje Dillema

Tongersdei 20 juny

Wekker wurde. Hûnen útlitte. Bôle en tee.

En slypje mar! Oant 10.15 ta, en dan is de lange skonk nei it skuorjen hielendal ôf! Kofje sette, Joost komt sa en dêrnei efkes mei de L-skonk oan it bûgen. No, efkes; ferjit dat mar, de bûgline dy’t ik makke ha is eins net djip genôch, dat it koarte stik gjit bol stean. Yn de langsrjochting hie ik al in stik koker fan 100 x 60 x 6 mei klemmen fêst set, mar yn de dwersrjochting ha ik noch in pear hiele swiere U-profile – fersterke mei plaat as koker – om tsjintsjinst te dwaan as ferlengde heftruck-leppels. Boppe hiel swier klemt en onder mei in kettinglask fêstset, oan de ûnderein fan de skonk. Mei in 4 tons ketting oan de bovenloopskraan fêstkoppele en dan mar heise en de de heftruck brûke om te lûken. As de boel ‘heaks’ stiet kinne alle klemmen en lasken wer loskeppele, mar bin je mei brânen en al wol 4 ûren fierder!

Woansdei 19 juny

Al betiid oan it laskje en slypje fan de êfterkant fan de Foekjeskonk. Der moat noch 10 meter, dan is dit element hielendal klear!

Om in oere as 10 kaam Ronnie, de Muse-skilder mei de bretels. Ik hie him juster op de racefyts êfterop riden by in krusing, hy hie foarrang en ik herkende him. In praatsje dat ik ek wol ris wat makke; hy soe op de komputer sjen, en fan’e moarn dêr wie hy al. Ik hie hjoed net folle tiid, want aanst komme hjir de skoalbêrn op exkursje.

Dat wie best leuk. Se wisten oer it generaal goed wêr ik mei dwaande wie, se hiene goed lústere en it wie ek goed útlein. Mei elkoar ha de bêrn, sa’n lytse 20 stiks, de 2e grounplaat fan it Foekjemonumint omtakele, ± 750 kg, yn twa groepkes jonges en famkes. It gie prachtig en se foune it hiel moai om te dwaan!

20130619_114247

Moandei 17 juny

In jammerjende wekker piipet my dat ik te tee drinke moat, en in geitetsiisbroch ite.

Myn boek, en wat byldsjes dy’t ik as bern makke ha, plus it skaalmodel fan Foekje yn in doaske. En op nei de Folefinne, de OBS yn it doarp. Buorfrou Hilda hie my frege om wat te fertelle oer de keunst, en it meitsje dêrfan. De bêrn soene dizze wike keunst meitsje fan ôfval. Der wiene sa’n 44 bêrn en 3 juffen, en in stasjêrre. Juf Richtsje is der al hiel lang, al út de tiid fan Douwe. Juf Jantsje ergere har oan in pear grutten dy’t stoer diene. De lytskes wiene enthousiast en fol fragen, krektlyk as ek in stikmannich wat gruttere bêrn. It gie goed, sei de juf, en ik hoechde net nei te bliuwen. Ik hoechde der neat foar, mar krige wol 2 lekkere droege woarsten fan Spijkerman, út myn bertedoarp Akkrum.

Middeis ha ik de gestrekte Foekjeskonk ôfslipe en nei bûten ta takele en riden. Dêr kin ik no fierder snije. Ek bin ik begong de hoekskonk ôf te tekenjen, om snije te kinnen.

20130618_213025

Snein 16 juny

Sneintemoarn wekker mei hurde wyn, te hurd om te silen. Derom mar mei Foekjebyld oan it wurk west.

Om 4 ûre fuort riden nei Terherne. Earst noch by de bisteboel langswest. De ka-en ha de dowetille ynnaam, en ik seach der 3 jongen al grut yn om heisterjen. De Sineeske guos sit op in pear aaijen te brieden. De dôwen ha wer in net om oan te sjen moai jong!

20130616_113645 20130616_11375120130616_11392320130616_114112

 

Underweis nei Terherne ha we noch efkes mei Jeen van den Berg praten, dy stie by Jorrit Bergsma foar. Eartiids siet ik by Jeen yn’e klasse. We ha altiid best kinnen, sei Jeen, nea problemen hân, en ik sjoch dy ek noch wol ris op Thialf.

20130616_160709

 

Doe op nei Terherne, en mei fol túch de Poel op. Sjaklyn hie de blierren hast yn’e hannen, it wetter stie somtiden op it foardek. Letter belúne it wat, en ha we noch hurdsyld mei in kollega. Dit is gjin party, sei myn Limburgse Fryske fokkeniste. We ha oant 9.30 ûre syld, hearlike lytse fekânsje hân.

Sneon 15 juny

Sneontemoarn soe ik te fytsen sa as meastal, sa’n 100-150 km. Mar it reinde hjir sa, dat ik bin fierder gong mei de hoeklasken fan de Foekjeskonk. Oant in ûre as 3, doe kaam de sinne en de hurde wyn en bin ik nei Hallum fytst, doe de Seedyk op en tsjin de stoarmêftige wyn yn nei Harns.

By Jouke en Hanneke yn Frentsjer kofje hân, dat foel der hiel bêst yn. It wie der gesellich, mei bêrn en pakesizzers, dat ik gie der frij let wer wei, mei drekst in bui op’e kop en letter noch ris ien. Mar de wyn wie êfter my, en op in stuit fietste ik 50 km per ûre, mar net sa lang hear, meast sa’n ± 35 km. Let iten sean en fierstente let op bêd.

Freed 14 juny

Fan ‘e moarn earst wer takele en Foekje-skonk yn’e goede hâlding dellein, sadat ik der goeie hoeklasken yn laskje kin. Om in ûre as 1 nei Ljouwert, hûnebrokken en hinnefretten helle. By it Rennershûs om fet om it kreakjen fan myn Basso mei te stillen, doe nei Makro, doe noch op Grou oan om 80/20 lasgas in grutte flesse te helle.

Krekt op tiid wer tús foar in stik bôle en nei Aldeboarn om Sjaklyn op te heljen en mei har nei Belvédère, de iepening fan Willem van Althuis, en de presintaasje fan in pear gasten yn de fêste kolleksje wêr’t ik ek 1 fan bin. Mar ris sjen as der wat flecht op is, en de reaksjes ôfwachtsje, ik bin benijd.

Belvedere1

Tongersdei 13 juny

Earst mar wer laskje en takelje oan it Foekjemonumint. Om 12 ûre hinne kontakt hân mei Huib Nieuwenhuis oer útstalling Belvédère. Han wol graach dat ik earder kom, omt hy ± 2 ûre fuort moat. Op de Basso bin ik der hinne gien.

Alles hong en stie al op syn plak. 4 tekeningen en 2 grutte reliëfs van 2500 x 1250, de swarte moanne, 3 skaalmodellen en it flierbyld út 1976. Ik bin benijd hoe as der op reageerd wurdt.

Yn’e wyn op wer werom, oer Aldeboarn by Sjaklyn poeiermolke dronken en yn de motrein wer nei Easterwierrum. 65 km fytst hjoed.

Woansdei 12 juny

Hjoed de hiele dei mei Foekje dwaande west. It grutte brok stiel fan 6 meter omkeard en doe begong mei plasmasnije fan de 200 meter. Lange ljochtstreken troch de skonk. Ut de hân, sûnder langssteunen, de ieren gean op ‘e hertslag en folgje it ritme en myn motoriek.

20130613_202039

Nei it ferfangen fan in pear ûnderdielen haperde de boel en moast Leo fan Snijtech komme om it wer op gong te helpen. Mar èk sei hy dat it sa te ûngesûn wie, dat snije mei útlaatgassen, dus ha ik doe earst wer laske en sil ik it snijwurk bûten dwaan moatte. Myn besite, Geert Jan Douma hat my holpen mei it takeljen en kearen. Jouns hat Rysjard myn Basso racefyts brocht om aanst mei nei Itaalje te kinnen. We ha lekker iten, in útgebreid skippersmiel.

Tiisdei 11 juny

Tiisdeimoarns spullen foar Belvédère klear meitsje en yn ‘e auto bringe. Tekeningen en paneel ‘swarte moanne’.

Middeis tusken de Jan Mankes skilderijen myn ‘wek’ út 1976 opboud. Dit ha ik noch nea tentoansteld, allinne 1 x tús foar de foto (Piter Doele †). Yn it museum in soad oanrin en positive reaksjes. Mei skoaljuffen en bêrn oer keunst hân, en útlein dat der ek foto’s binne, makke troch minsken.

Tongersdei sil ik de útstalling ôfmeitsje mei sokkels. Ik hâld oars net fan sokkelgedoch, en meitsje ek hast nea wat foar sokkels. Mar direkteur Han Steenbrugge wol graach in oantal skaalmodellen en âlde bylden op dizze sokkels sette. Hawar.