Monthly Archives: May 2013

Oranjetipjes

Se wolle net op de foto, dat jim moatte my mar leauwe. Se binne der! De oranjetipjes. Mei safolle look-sûnder-look yn’e tún, dan moatte se ek hast wol in kear foarby fleane, net!

Snein, 26 maaije

Snein hurde wyn en ferrekte kâld. Hjoed net syld, mar wurke oan Foekje; wer 5 ribben der op setten en wat rânen ôflaske mei Jetse.

Joun spaghetti makke. Bio-iten, dat is foar elitairen, seit de fuorman fan Monsanto. Gehakt mei sjampions, daslook, look-sûnder-look, it restje túnbeane, woartels, seldery en oare krûdery fan ‘e tún. Slaat fan tomaat, komkommer, reade byt, sjalot en looksoarten.

Elitair net?

Sneon, 25 maaije

Hjoed mei Cor, myn fietsmaat te karkjen west. Earst nei Frentsjer, by Harns, dan langs de Koehool en Westhoek nei Ald Syl. Underweis Ynze de fiskboer tsjinkaam, en by Paulien Ploeger foar hûs in sâlte herring iten. Doe op nei Ald Syl, Alde Leije en Ljouwert. Doe Wergea, de Iepen Dei besjoen by Jacqueline en Jolande. Sa nei Grou, Akkrum en Easterwierrum, mei mekoar 117 km.

Yn Akkrum droege woarst helle en karbonades. Wat ha we lekker iten! Mei túnbeane, parkes, reade biten en rys. Letter kwark nei.

De earste ribben

De earste 11 ribben fan de earste skonk sitte derop. Mei in mal wurdt de ôfstand mjitten, de rib fêst laske en mei in heakse hoeke kontroleard.

20130524_20025120130524_20041220130524_20210020130524_201933

As alles ôfkuolle is, komt Aaltsje ek even te sjen, of it wol goed is.

20130526_102113

Ljocht

Twa homeiepealen. Ien manlik en ien froulik. Fan Cortenstaal, dat it moat earst ruskje.

20130505_195302

Juster binne se te plak set, yn Reduzum, en justerjûne ha se foar it earst harren ljocht sjen litten.

20130521_225248 20130521_225214

In monument foar Foekje

It ferhaal gong sa:

In jonge frou út Boerum seach dat der hurdrinwedstriden wienen, yn Bûtenpost, en sy soe der hinne, as taskoger. Se tocht ‘oh, dat kin ik ek wol’ – en rûn hurder as alles en eltsenien. Op har sokken, want hurdrinskuon hie se fansels net. It wie 1948. In jier letter rûn se it Nederlânske rekord op de estafette 4 x 200 m en waard se Nederlânsk kampioen op de estafette 4 x 100. En noch in jier letter rûn se it rekord fan Fanny Blankers Koen oan flarden: 200 meter yn 24.1 sekonden.

Noch gjin moanne letter siet se wer thús, desyllúzjoneard: har ynternasjonale sportkarriêre te flarden, har dream ferflein. Nea hat se der oer praat, dizze jonge frou út Boerum. Nimmen hat witten wat der no krekt bard is, nimmen hat witten hoe it siet.

20130517_090057

Earst nei har dea yn 2007 waard stadich oan dúdlik wat er te rêden wie. Hoe wreed dizze frou behannelle is, fuortstjoerd fan de atletykbaan, werom nei Boerum. Moederaasje, dat hie de Atletiekunie net yn dy dagen, net foar Foekje Dillema. De frou mei de sterkste skonken fan Nederlân.

Foekje Dillema is 5 desimber 2007 ferstoarn. Fuortendaliks hat Ids Willemsma, net allinnich keunstner mar ek fanatyk sportman sein dat de sportfrou Foekje in monumint fertsjinnet. It ûntwerp wie der al gau: twa abstrahearde skonken dy’t lykje te rinnen, hiel hurd lykje te rinnen. Twahûndert meter. Yn 24,1 sekonden.

By de iepening fan syn tentoanstelling yn de Friesland Bank, ferline jier novimber, hat Ids Willemsma it skaalmodel sjen litten, en hy sei dat hy hope it monumint ea noch ris te meitsjen. It docht no bliken dat syn winsk dield waard, want it wie de start fan in spontane crowdfunding. Partikulieren èn bedriuwen ha harren oanmeld, en ha der foar soarge dat dit byld, seis meter heech, no einliks makke wurden kin.

It staal leit klear, grutte platen izer. De earste lask is makke. Dizze simmer, dan stiet der in monumint foar Foekje.